Meie wy jim foarstelle: De Stille

Freed 24 augustus

Meie wy jim foarstelle: De Stille

Yn 'e rige 'meie wy jim foarstelle?' hjoed: de Stille. De Stille wurdt spile troch Piter Tolsma (Lieuwe Tolsma).

 
De Stille is in cowboy dy’t it net hawwe moat fan syn ferbale kwaliteiten. Hy is de stikemert, it múske. 
 
Piter is in goede akteur, mar omdat er nij is én út Arum komt, wurdt er net wurdearre troch de oaren. Dêrnjonken hie er graach mear tekst hawwe wollen, omdat er yn Arum ferteld hat dat er de haadrol hat.
 
© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert