Iepenloftspul Jorwert spilet yn 2015 Augustus

Freed 20 febrewaris

Iepenloftspul Jorwert spilet yn 2015 Augustus

It Iepenloftspul Jorwert bringt dit jier Augustus. It is de Jorwerter bewurking fan it stik August Osage County fan Tracy Letts. De premjêre is op sneon 22 augustus, de kaartferkeap set útein op sneon 30 maaie.

Yn it stik komt it útinoar fallen gesin Westra nei it ynienen ferdwinen fan de heit wer ris byinoar. Hoewol’t it in tiid fan rou en oertinken wêze moatte soe, ûntaardet it wersjen al gau yn rúzje en gaos om’t de bân tusken mem en dochters net al te goed is. 
Dochs besykje de Westra’s har goed te hâlden: famylje is famylje en dêr moatte je alles foar dwaan; mar binne je bytiden net gewoan better ôf sûnder elkoar?

Augustus is in inktswart drama, mei in humoristyske, hjir en dêr absurdistyske laach. 

Tjerk Kooistra regissearret Augustus. Spilers yn Augustus binne Wiepkje Castelein, Sybrecht Speerstra, Sjoukje Jager, Lieuwe Tolsma, Sjoerd van Beem, Skelte Anema, Doete Stenekes, Chantal van Sluys, Derk Smids, Thijs Meester, Fenna Bijlsma en Wytske Vermeulen.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert