Gean nei de Twitter fan it Iepenloftspul
Gean nei de Hyves fan it Iepenloftspul
Gean nei de Facebook fan it Iepenloftspul
It Youtube kanaal fan it Iepenloftspul
 
 
Iepenloftspul Jorwert bringt eigen bewurking La Bohème fan Puccini

Bohemia
Hja wrakselet en de keunst komt boppe!

Wy folgje in groep keunstners dy’t ferstjitten fan de maatskippij besykje de holle boppe wetter te hâlden. Op ’e flecht foar de hearskjende opfettingen oer har ‘linkse hobby’ libje se byelkoar, fuort fan de bewenne wrâld, yn har eigen keunstners-enklave Bohemia.  

De keunstners binne oeral en altyd omringe troch gefaar, oan beide kanten gappet de ôfgrûn: dy fan de earmoed oan de iene kant en dy fan de twivel oan de oare kant. Mar tusken dy twa ôfgrûnen rint yn elts gefal in wei dy’t nei it doel liedt: de keunst of it keunstwurk.

Yn al har wrakselingen komme de kwaliteiten fan de ferskillende yndividuen mear en mear boppe wetter. Talint is as in diamant, dy’t lang yn it tsjuster ferburgen bliuwe kin, mar úteinlik altyd troch immen ûntdekt wurde sil.

Yn Bohemia folgje wy in jier lang ûnder oaren in muzikant, in dokumintêremakker, in dûnseres en in skriuwer. En nettsjinsteande de ellinde en earmoed is it libben yn it kamp no en dan in feest gelyk. De keunstners ynspirearje elkoar kontinu en dat soarget foar bysûndere mominten.

Bohemia is in tragikomeedzje oer de leafde, foar de keunst en foar elkoar. Bohemia is ynspirearre op de ferneamde opera La Bohème en wurdt troch Tjerk en Jan bewurke ta in eigen stik foar it Jorwerter Iepenloftspul. En ek wurdt yn Bohemia muzyk brûkt, mar dan út de brede popskiednis en seker net yn de foarm fan in musical. De livemuzyk makket fan Bohemia teater mei in rockopera-rântsje, weryn’t de muzyk in eigen plak hat. 

De mear as tweintich rollen yn Bohemia wurde ynfold troch nije ferrassende nammen en âlde bekenden op it Jorwerter toaniel, yn de leeftyd fan begjin tweintich oant ein sechtich. Bohemia is in stik foar âld en jong, foar keunstners, foar keunstleafhawwers, foar leafhawwers fan iepenloftspul, mar benammen foar elkenien dy’t in swak hat foar moai toaniel. Bohemia is in keunstwurkje…
 
RABOBANK
ELKIEN